Foto's fan Ljouwert no online

© Omrop Fryslân
Op de fernijde ynternetside www.beeldbankleeuwarden.nl binne 25.000 ôfbyldingen fan Ljouwert te sjen. Net allinnich foto's, mar ek plattegrûnen en portretten binne op de site werom te finen. De site wurdt fersoarge troch it HCL, it historysk sintrum Ljouwert. Op 1 maart giet de nije side offisjeel de loft yn.
Yn de byldbank komme ek alle negativen fan de foto's fan fotograaf Charles Gombault, fan Ljouwert foar de oarloch.