'Slach om Wâldrock' yn Iduna

© Omrop Fryslân
Wâldrock en FearSome Records organisearje yn maaie in 'Slach om Wâldrock' yn Iduna. De winner fan dizze wedstriid foar stevige Fryske bands mei as iepener optrede op Wâldrock. Der binne op de Slach om Wâldrock twa prizen te fertsjinjen; de winner fan 'e sjuerypriis stiet op Wâldrock, de winner fan 'e publykspriis mei optrede op de Wâldrock pre-party yn Quatrebras. Bands dy't meidwaan wolle moatte foar 15 april in demo opstjoere.