Riedsleden Snits binne ûnbekend

© Omrop Fryslân
De gemeenteriedsferkiezings steane foar de doar, mar de riedsleden yn Snits bliuwe grutte ûnbekenden foar de measte ynwenners. Dat docht bliken út it boargerjierferslach fan de gemeente. Derút blykt dat mar twa op de tsien ynwenners fan Snits ien of meardere riedsleden wit te beneamen.
De wethâlders dogge it krekt wat better wat bekendheid oanbelanget. Dochs kin mear as de helte fan 'e Snitsers net ien wethâlder by namme.