Gjin planskea Skarsterlân

© Omrop Fryslân
Skarsterlân hoecht net tolve-tûzen euro planskea te beteljen oan in hannelsbedriuw yn Aldehaske. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert moandei bepaald. De eigners fan it hannelsbedriuw easken planskea omdat it bedriuwspân troch de komst fan in transportbedriuw út it sicht fan de A7 kaam te lizzen.
De gemeente hie tastimming jûn foar de festiging fan dat nije transportbedriuw. Dy is it lykwols mei de gemeente Skarsterlân iens.