Hearrenfean wint fan NAC

27 feb 2006 - 18:03

Sportclub Hearrenfean wûn snein yn eigen hûs mei 2-1 fan NAC út Breda. Al yn de twadde minút fan 'e wedstriid kaam Hearrenfean op foarsprong troch in goal fan Hjalte Bo Nørregaard. Leonardo fan NAC makke noch foar it skoft de lykmakker.

Yn 'e twadde helte sette Daniël Pranjic troch in hiele moaie frije traap de 2-1 op it skoareboerd. NAC krige yn 'e slotfase noch in pear kânsen, mar slagge der net yn om opnij te skoaren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)