Anker kritysk oer langer sitte

© Omrop Fryslân
Advokaat Wim Anker is kritysk de nije strafmaksima foar swiere misdriuwen as moard. Rjochters ha sûnt 1 febrewaris de mooglikheid om straffen oant 30 jier op te lizzen. Oant no ta wie dat 20 jier of libbenslang. Anker tinkt dat no minder faak libbenslang oplein wurde sil, mar hy sjocht ek neidielen.
Anker is benaud dat fan de nije maksima in 'opstuwende werking' útgean sil. Ek kombinaasjestraffen fan sitte en TBS wurde problematysk mei de nije maksima.