Achterfolging troch 3 provinsjes

© Omrop Fryslân
De plysje Fryslân wie snein aktyf belutsen by in lange achterfolging fan in fertochte auto troch Flevolân, Fryslân en Drinte. De tocht begûn yn Flevolân, dêr't de plysje by Emmeloard besocht om in auto oan te hâlden.
De bestjoerder joech lykwols gas en ried yn heech tempo oer de A6 nei it Hearrenfean en oanslutend oer de A32 rjochting Meppel. De achterfolging einige yn in berm by Havelte. De plysje sette de autodyk hjir snein tydlik ôf.