Fryske Boekewike los

© Omrop Fryslân
Der wurde de kommende wike in soad Fryske boeken ferkocht, sa ferwachtet foarsitter Durk_Hibma fan Stifting_It_Fryske_Boek. Hibma spruts dy ferwachting sneontejûn út op it Boekefeest yn Post_Plaza yn Ljouwert.
Dat feest is alle jierren de offisjele start fan ´e boekewike. By de start waard boekewikegeskink De Stien fan Baukje_Wytsma en Sjoerd_Bottema presintearre. It geskink is printe yn in rekordoplage fan 4500 eksimplaren.