Ritsma draacht de flagge

26 feb 2006 - 18:23

Reedrider Rintje Ritsma fan 'e Lemmer sil by de slutings-seremoanje fan 'e Olympyske Spelen yn Turijn mei de Nederlânske flagge rinne. Dat hat sportkoepel NOC-NSF snein bekend makke.

It publyk hie ynspraak, want der koe fia ynternet stemd wurde op de Nederlânske medaljewinners. Ritsma krige de measte stimmen. Hy wûn brûns mei de achterfolgingsploech. Dat Turijn syn fyfde Olympyske Spelen wiene sil grif ek meispylje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)