FNP tsjin ferdûbeling rûnwei

© Omrop Fryslân
De FNP yn Ljouwert ropt minsken op om te protestearjen tsjin de ferdûbeling fan 'e rûnwei yn Ljouwert. Neffens de partij binne der genôch alternativen. It aksjekomitee 'Wij zijn het zat' organisearret no tiisdei in diskusjejûn oer it ûnderwerp.
It komitee bestiet benammen út bewenners fan 'e Heliconwei, Heliconwei en Valeriusstrjitte. Neffens de FNP wurdt de kommende jierren in beslút nommen oer de ferdûbeling.