Frysk damjen: Kooistra oan kop

© Omrop Fryslân
Titelhâlder Taeke Kooistra fan Hartwert is by it kampioenskip Frysk spul fan dit jier net te bedamjen. Nei fiif fan de sân rûnten stiet de tsienfâldich kampioen sûnder puntferlies boppe oan. Sneon yn Aldegea wie Kooistra te sterk foar de promovendi Sjoerd Cuperus en Jouke Algra.
Kooistra giet oan de lieding mei fiif punten. Marten Walinga folget mei fjouwer punten. Yn 'e lêste rûnte treffe Kooistra en Walinga inoar.