Ravaazje nei ûngelok Ofslútdyk

© Omrop Fryslân
In auto-ûngelok soarge sneon foar in grutte ravaazje op 'e Ofslútdyk. It ûngelok ûntstie troch in botsing tusken in auto mei oanhingwein en in twadde auto. Dizze twadde auto sloech by it ûngelok oer de kop. De oanhinger rekke los fan 'e earste auto en bedarre in stik fierder op it fytspaad.
Mei de persoanlike ûngelokken foel it ta. Allinnich in hûn yn de twadde auto rekke ferwûne. De hûn waard ophelle troch in diere-ambulânse.