Drukker Harns makket ytber boek

© Omrop Fryslân
In drukker yn Harns hat freedtenacht opnij alle papier drukt foar it ytbere boek fan topkok Pierre Wind. De boeken binne makke fan rys-papier yn in omkaft fan sûkelarje en marsepein. It papier is lywkols weirekke yn de post ûnderweis nei Den Haach. It boek kin no hjoed dochs presintearre wurde om't de drukker yn Harns it papier foar de 50 boeken foar in twadde kear printe hat.
It boek is makke foar in berneboekeprojekt yn Suriname.