Glas stelt teloar

25 feb 2006 - 16:36

Bob-slider Arend Glas presteart oant no ta teloarstellend op de Olympyske Spelen yn Turijn. Mei de fjouwermansbob stiet Glas nei 2 runs 16e. Yn de earste run einigen de Nederlanners noch as tolfde, mar in flaterke by de start fan in twadde run hat de kâns op in plak by de earste 10 hiel lyts makke.

Hjoed binne de tredde en de fjirde run. Glas hopet dat er dan noch in pear plakken omheech kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)