Flater besoarging kieslist

25 feb 2006 - 15:51

Ynwenners fan Kollumersweach hawwe freed, lykas in hiel soad oare minsken, de ferkiezingslist foar de gemeenteriedsferkiezings fan 7 maart yn de bus krigen. Ynwenners fan 'e Foarstrjitte en omkriten krigen lykwols de kieslist yn de bus fan de buorgemeente Dantumadiel.

It liket derop dat de postboade in ferkearde stapel kieslisten meikrigen hat. It is net krekt bekind hoefolle minsken in ferkearde list krigen hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)