26.000 bidprintsjes op ynternet

© Omrop Fryslân
It Archief- en Documentatiecentrum voor Rooms Katholiek Friesland hat 26.000 bidprintsjes op ynternet set. Minsken kinne op www.archiefrkfriesland.nl sykje nei de printsjes.
Katoliken brûke de plaatsjes ta neitins oan minsken dy't ferstoarn binne. Der steane persoanlike gegevens fan de ferstoarne op en faak ek in koarte libbensbeskriuwing. It sintrum yn Boalsert is njoggen jier lyn begûn mei it ynfieren fan de gegevens.