Rôffugels bejage en fergiftige
Rôffûgels wurde hyltyd faker bejage en harren nêsten fernield. Ek komt fergiftiging fan de fûgels hyltyd mear foar. Dat blykt út in ûndersyk fan de Werkgroep Roofvogels Nederland. Rôffûgels wurde bejage ten geunste fan greidefûgels en kontrôle is der kwalik.
Fryslân wurdt troch de wurkgroep neamt as ien fan de bolwurken fan rôffûgelferfolging.