Pillefabrikant Nijehaske fallyt

25 feb 2006 - 10:42

De rjochtbank yn Ljouwert hat it bedriuw Dutch Nutrician Concept BV fan Anton Zeilstra fallyt ferklearre. Under dat bedriuw falle ek Biolina yn Nijehaske en de pillewinkel Bouwman út Den Bosch. Earder waard al de pillegruthannel Hofman op it Hearrefean fallyt ferklearre. Dat bedriuw stiet ek ûnder lieding fan Zeilstra.

Mei inoar acht minsken komme troch dit nije fallissemint op strjitte te stean. De skuld rint yn de tonnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)