Fersmoarge minsken oanpakt

24 feb 2006 - 16:49

De GGD Fryslân en de gemeente Ljouwert sille tegearre minsken dy't fersmoargje oanpakke. Se komme yn aksje as der sprake is fan bygelyks oerlêst troch ûngedierte of it útbrekken fan sykten.

Alle jierren wurde yn Ljouwert sa'n 15 soksoarte situaasje ûntdutsen. De minsken dêr't it om giet, moatte faak twongen wurde om it probleem oan te pakken. Omdat it oplossen fan de problemen net altyd goed giet, sille de GGD en de gemeente no mear oparbeidzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)