Gjin piratefeest Surhústerfean

© Omrop Fryslân
Der komt gjin tredde piratefestijn yn Surhústerfean. De gemeente Achtkarspelen jout der gjin fergunning foar. De lêste edysje fan it festival, yn oktober, soe foar tefolle oerlêst soarge ha. It festivalterein is ek net mear beskikber.
De organisaasje woe yn april wer in festival hâlde en hie al in tal bekende artysten útnoege. Nei alle gedachten sil it festival no hâlden wurde yn de gemeente Mearum yn Grinslân.