Kramer start foar favoriten

© Omrop Fryslân
Sven Kramer start freed op de Olympyske Spelen yn elts gefal foar de konkurrinten Chad Hedrick, Carl Verheyen, Lasse Saetre en Eskil Ervik. By it yndielen fan de ritten is rekken hâlden mei de útslach fan de wrâldbekerwedstriid op de 10.000 meter op It Hearrenfean. Dêrtroch start Kramer tsjin Fabris, Dankers of Röjler.
It starten op de 10.000 meter foar de favoriten wurdt sjoen as in grut neidiel.