De Loor hâldt der mei op

24 feb 2006 - 14:59

Barbara de Loor fan It Hearrenfean hâldt nei dit seizoen defintyf op mei reedriden. Dat hat de 31-jierrige De Loor bekend makke oan har team. De Feanster makke dit seizoen diel út fan de kommersjele VPZ-reedriidploech fan Sijtje van der Lende.

De Loor waard ferline jier noch wrâldkampioene op de 1000 meter yn Inzell. Dêrneist ride sy acht EK's en seis WK's allround. Op it EK yn 1997 helle sy brûns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)