Lêzers stypje Deiblêd royaal

24 feb 2006 - 14:37

De lêzers fan it Friesch Dagblad ha de krante in heal miljoen euro liend en jûn. De krante hat it al jierren dreech om de holle boppe wetter te hâlden. It deiblêd frege de lêzers dêrom te helpen. Dat hat fertuten dien.

In tredde part fan de fiif ton is in jefte, in tredde part is in rinteleaze liening en oer de rest moat rinte betelle wurde. It deiblêd hat wol earder aksjes ûnder lêzers hâlden om sa jild binnen te heljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)