In date mei in politikus

24 feb 2006 - 14:28

De jongerein yn de gemeente Eaststellingwerf kin takom wike freed date mei de polityk. Op in byienkomst yn De Kompaan yn Easterwâlde kinne se dan de takomstige riedsleden treffe.

De jongeren wurde ien-op-ien keppele mei in politikus. De gemeente hat sa'n tûzen jongeren fan tusken de 18 en 24 jier útnoege foar de byienkomst. Doel fan de jûn is de jongerein better yn de kunde komme te litten mei de polityk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)