Dongeradiel: 70% foar turbines

© Omrop Fryslân
In goeie 70% fan de ynwenners fan Dongeradiel is foar de komst fan seis grutte wynturbines yn de gemeente. Fan de foarstanners wol 80% dat dy turbines oan de Lauwersseewei komme, tusken Dokkum en Mitselwier. 18% hat de turbines leaver by Nijewier. Dat docht bliken út in enkête fan de gemeente Dongeradiel.
De enkête jout belangrike ynformaasje foar de gemeenteried. Dy nimt tiisdei in beslút oer de komst fan de turbines.