Plysje hâldt ynbrekker oan

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdeitemiddei yn Ljouwert in ynbrekker oanhâlden. De fertochte, in man fan 40 jier, wie troch de bewenner fan in hûs oan de Agora op 'e die trapearre. Hy hie dêr mei in maat ynbrutsen.
Beide manlju naaiden út doe't se troch de bewenner ûntdutsen waarden. Dêrby lieten se de bút, in kompjoeterskerm, stean. Ien fan har waard oantroffen yn it húske fan in opliedings-ynstitút oan de Agora.