Alderen teste kondysje

© Omrop Fryslân
Fiifhûndert âlderen út Achtkarspelen en Kollumerlân teste hjoed hoe fit en sûn se binne. Yn sporthal De Houtmûne yn Bûtenpost wurdt sjoen nei de kondysje, de reaksje, de linigens en de bloeddruk fan de dielnimmers.
De test is bedoeld foar minsken tusken de 55 en 64 jier. Ut ûndersyk docht bliken dat dy groep fierstente min beweegt. Nei de test krije de dielnimmers in bewegingsadfys.