De Vries yn de basis

© Omrop Fryslân
Mark de Vries stiet yn de wedstriid foar de Uefa Cup tsjin Steaua Boekarest yn de basis. De spits nimt it plak oer fan Arnold Bruggink. Ek Fernando Derveld spilet fan it begjin ôf. De linksback spilet yn pleats fan Jeroen Drost. De Eastenriker Thomas Prager ferfangt Paul Bosvelt, dy't troch in giele kaart yn de earste wedstriid skorst is.
Hearrenfean ferlear de thúswedstriid fan Steaua Boekarest mei 1-3.