Draaiboeken fûgelgryp klear

23 feb 2006 - 11:51

Alle 31 Fryske boargemasters binne woansdei bijpraat oer wat der gebeurt as de fûgelgryp Fryslân berikt. It ministearje fan lânbou krijt de folsleine lieding by it bestriden fan it firus. Kommissaris Nijpels wurdt foar de bestjoerders it oansprekpunt.

De besteande draaiboeken foar bysûndere situaasjes binne nochris goed besjoen. Ek it tongblier-draaiboek is nochris trochnommen. Oant no ta binne der yn Nederlân gjin bisten mei fûgelgryp fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)