Noch drok mei fragen fersekering

© Omrop Fryslân
By callcentre Cendris yn Ljouwert komme noch hieltyd in soad fragen binnen oer de nije soarchfersekering. Cendris ferwurket de fragen foar twa grutte soarchfersekerders. De ferwachting is dat in noch wol even drok bliuwt; sawat tritich persint fan de minsken moat noch in kar meitsje.
As de drokte fan de soarchfersekering oer is, bliuwt der genôch wurk. Der lizze opdrachten fan Postbus 51 en Essent.