Mear foech gemeenten by wentebou

22 feb 2006 - 14:04

De provinsje moat better harkje nei de winsken fan gemeenten op it mêd fan de wentebou. Dat sei minister Dekker fan romtlike oardening tiisdei op in byienkomst fan de VVD yn Drachten.

Op it stuit wurdt neffens de minister it belied noch te faak bepaald troch de provinsje, sûnder dêrby rekken te hâlden mei wat de gemeenten eins wolle. In better oerlis is needsaaklik. De einbeslissing oer it tal wenten dat boud wurde mei, bliuwt by de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)