Flinke winst foar fytsefabryk

22 feb 2006 - 13:50

Fytsefabrikant Accell fan it Hearrenfean hat it ôfrûne jier flink mear winst makke as it jier dêrfoar. De nettowinst gie mei 18 persint omheech nei 15,5 miljoen euro. De omset gie omheech nei hast 370 miljoen euro.

De stiging komt mei trochdat it bedriuw op de kosten besparre hat. Accell giet dêr dit jier fierder mei. Om dat foar elkoar te krijen wurdt bygelyks de produksje fan in Fins dochterbedriuw oerpleatst neit Hongarije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)