Gjin hufterhûzen yn Fryslân

© Omrop Fryslân
De saneamde hufterwenten binne yn Fryslân net nedich. Hufterwenten binne keten makke spesjaal foar minsken dy't in soad oerlêst feroarsaakje. De keten wurde bûtenút delset, sadat net ien der lêst fan hat.
De gemeenten, de maatskippelike opfang Fryslân en de wenningbouferienings ha de ôfspraaken makke tenei better gear te wurkjen. Dat betsjut dat se inoar warskôgje at se sjogge dat it by ien driget mis te gean.