Smoargens better skiede op Skier

© Omrop Fryslân
Skiermûntseach wol it sammeljen fan hússmoargens ferbetterje. Der kin mear âld papier sammele wurde, it ôffal kin noch better skieden wurde en sels kompost meitsje soe stimuleard wurde moatte, fynt de gemeente.
Bedriuwen moatte der ek better omtinke wêr't se mei har smoargens hinne gean. Hast in kwart fan it bedriuwsôffal komt no terjochte by it hûssmoargens of dat fan rekreanten.