Sven Kramer 15e op 1500 meter

22 feb 2006 - 10:56

Reedrider Sven Kramer fan Aldskoat is der tiisdei net yn slagge in medalje te heljen op de 1500 meter yn Turijn. Hy eindige uteinlik as fyftjinde. De oerwinning gie nei de Italiaan Enrico Fabris. Bêste Nederlanner wie Simon Kuipers op it fjirde plak. Kramer ried in tiid fan 1.48.36.

Flak foar de start wie der wat mis mei Kramer syn redens. Mar hy woe dat nei de race net oanfiere as oarsaak foar syn tsjinfallende tiid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)