Fryske postsegel snein útrikt

© Omrop Fryslân
Op it Dútske waadeilân Sylt wurdt snein in postsegel útrikt dêr't de Fryske Rie op neamd wurdt. De ried is ûnderdiel fan de Ynterfryske Rie. Dat is in ferbûn tusken ús provinsje en Noard- en East-Fryslân yn Dútslân.
In Dútse minister sil de postsegel oanbiede oan fertsjintwurdigers fan de trije Fryslannen. Dat bart snein om't it dan fyftich jier lyn is dat it Frysk Manifest oannommen waard, mei as doel de Fryske taal en kultuer te bewarjen.