'Maatjes' socht foar projekt

© Omrop Fryslân
Der wurde wer 'maatjes' socht foar it saneamde Maatjesproject Friesland. Dêryn wurde minsken mei in psychyske beheining keppele oan in frijwilliger. Doel is it sosjale isolemint fan de minsken mei in psychyske beheining op te heffen.
De keppels gean bygelyks te kuierjen, nei de film of te winkeljen. It giet net om helpferliening mar om freonskip. It Maatjesproject bestiet no acht jier.