Sportkantine ûnderstrûpt
Yn Wolvegea is yn de nacht fan snein op moandei ynbrutsen yn de sportkantine fan de tennisferiening en dy fan de fuotbalferiening FC Wolvegea. By de fuotbalferiening binne trije brânkranen iepen setten en dêrtroch is it hiele gebou ûnder wetter rûn. Yn de bestjoerskeamer binne tal fan fernielings pleegd.
It is noch net dúdlik oft der wat meinaam is. Yn beide gefallen moat noch oanjefte dien wurde.