Liet oer direkteur Oranjewâld

21 feb 2006 - 17:04

De meiwurkers fan yngenieursburo Oranjewâld op It Hearrenfean ha har nocht fan Gerard Sanderink, de nije eigner fan it bedriuw. Yn in karnavalsnûmer roppe se Sanderink op om wer oan 'e tafel te kommen foar de cao-ûnderhannelings.

Al hast in jier wurdt der praat oer de nije cao. Dy ûnderhannelings binne fêstrûn nei't Sanderink it bedriuw oernommen hat. De direksje wol net op it karnavalsnûmer reagearje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)