Katten 'ferdwine' yn Drachten

21 feb 2006 - 16:03

Yn de wenwyk Drachtster Feart yn Drachten binne de ôfrûne moanne yn alle gefallen alve katten ferdwûn. Trije binne dea weromfûn. Ien fan de dupearre wykbewenners hat sels oanjefte dien by de plysje. Der binne no pamflatten útdield om oare kattebesitters te warskôgjen.

De plysje sil de kommende tiid in eachje yn't siel hâlde. It ferdwinen fan katten is yn de beurt it gesprek fan de dei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)