Thússoarch helpt wurkleazen

21 feb 2006 - 14:11

In groepke wurkleazen yn Eaststellingwerf krijt in oplieding foar húshâldlike help oanbean. De oplieding wurdt dien troch thússoarch De Friese Wouden. De kliïnten fan de sosjale tsjinst krije in heal jier teory- en praktyk-ûnderwiis. Nei de oplieding kinne de minsken in kontrakt krije foar 6 moanne.

Thússoarch De Friese Wouden ferwachtet dat der hieltiten mear fraach komme sil nei húshâldlike help.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)