AID kontrolearret ophokken

© Omrop Fryslân
De algemiene ynspesksjetsjint, AID, is moandei begûn te kontrolearjen oft plomfee wol yn hokken sit. De saneamde ophokplicht is moandei yngien. Dêrmei wurdt besocht de fersprieding fan de fûgelgryp te kearen. As plomfeehâlders har net hâlde oan de ophokplicht dan stiet har in flinke boete te wachtsjen.
Eigners fan hinnen dy't net binne sitte krije earst noch in warskôging. Is it dêrnei noch net yn oarder dan folget der in boete fan hûndert euro deis.