Ekskuses foar FNP

© Omrop Fryslân
De gemeente Smellingerlan hat syn ekskuses makke oan de FNP yn dy gemeente. De ferkiezingslist fan de FNP wie wegere om't dy yn it Frysk opsteld wie. Dat wie neffens de amtner net mooglik, de FNP moast mar in nije list ynleverje yn it Nederlânsk.
Dat hat de partij doe mar gau dien, om net it risiko te rinnen dat se net meidwaan koe oan de ferkiezings op 7 maart. Mar it docht bliken dat de FNP yn syn rjocht stie mei de Fryske list.