'Mokselsfiskerij gau duorsum'

© Omrop Fryslân
Mokselfiskers moatte folle earder as ôfpraat begjinne mei it duorsum fiskjen op mokselsied. Dat seit de Waadferiening.
Der wurdt al jierren fiske op sied by mokselbanken yn de Waadsee. Mei it sied wurde moksels kweekt yn Seelân. Dy wurkwize is net goed foar de mokselbanken yn de Waadsee. It Ryk jout de fiskers 15 jier de tiid om in duorsum alternatyf te betinken. De Waadferiening fynt dy perioade te lang.