Nij platfoarm tsjin wurkleasheid

© Omrop Fryslân
Der moat in ekonomysk platfoarm oprjochte wurde yn Ljouwert. Dat fynt it CDA yn de Fryske haadstêd. It platfoarm bestiet út ûndernimmers en de leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. Doel fan it platfoarm is it bestriden fan de hege wurkleasheid. It platfoarm betellet mei oan projekten om minsken oan it wurk te helpen.
Yn Rotterdam is al sa'n ekonomysk platfoarm aktyf. Dat stipet mei súkses ferskate wurkprojekten.