Nilsson net skorst
Lasse Nilsson fan SC Hearrenfean wurdt net skorst nei oanlieding fan de reade kaart fan sneon. De grinsrjochter hie doe sjoen dat de oanfaller it oan de stok hie mei ferdigener Kah fan Roda JC.
Skiedsrjochter Wiedemeijer stjoerde beide spilers dêrom mei in reade kaart fan it fjild. De oanklager betelle fuotbal fan de KNVB hat de saak seponeard fanwege gebrek oan bewiis.