Jong Ajax te sterk foar H'fean

© Omrop Fryslân
Yn in fierhinne fol Abe Lenstrastadion ferlear Jong Hearrenfean moandeitejûn mei 0-2 fan Jong Ajax. De beloftes fan Hearrenfean wurken hurd, mar koene oanfallend net echt in fûst meitsje tsjin de Amsterdammers. Yn 'e earste helte iepene Ryan Babel de skoare foar Jong Ajax.
Yn 'e twadde helte fierde Jong Hearrenfean de druk op, mar dat levere gjin goal op. Yn 'e lêste minút makke Martina noch 0-2 foar Jong Ajax.