Bygebouwen pleatsen ferdwine

© Omrop Fryslân
De karakteristike bygebouwen fan pleatsen driigje te ferdwinen as der net gau yngrepen wurdt. Neffens De Haan fan de buorkerijestifting Fryslân is der gjin subsydzje beskikber foar it opknappen fan bygelyks in koetshûs, omdat sokke geboutsjes ûnder in monuminteregeling falle.
Dat betsjut faak dat de pleats sels wol opknapt wurdt, mar de gebouwen dêr om hinne net. Uteinlik sille se sa ferdwine.