Dochs kadaster yn Ljouwert?

© Omrop Fryslân
De kâns is grut dat Ljouwert dochs in festiging fan it kadaster hâldt. It giet dan om in stipepunt foar de lânmjitters. It kantoarwurk ferdwynt wol nei Grins. Dat hat te krijen mei in grutte reorganisaasje by it kadaster, dy't ferline jier oankundige is.
Op dit stuit wurkje der 80 minsken yn Ljouwert. Hoefolle oft der by it nije stipepunt wurkje kinne, is noch ûndúdlik. It kadaster nimt twa jier de tiid om de reorganisaasje út te fieren.