Glas en Jansma 19e yn twamansbob

© Omrop Fryslân
Arend Glas en Sybren Jansma binne sneintejûn as 19e einige yn de striid by de twamansbob by de Olympyske Spelen yn Turijn. De beide Friezen slaggen der yn de fjirde en lêste run noch yn om ien plakje yn it klassemint te klimmen. De titel wie foar de Dútsers André Lange en Kevin Kuske. It úteinlik 19e plak wie teloarstellend foar Glas en Jansma. Yn it foar hie it duo út oarspronklik De Jouwer en De Pein hope op in stek by de earste tolve tiims.